Ein 2022 ferskynde by Utjouwerij DeRyp de nijsgjirrige sjongbondel Kom & sjong, gearstald troch Hindrik van der Meer. De muzyk dy’t Hindrik van der Meer 50 jier lang brûkt en makke hat om mei alle mooglike groepen te sjongen, is bondele yn in mânsk boek. It formaat is grut, mei in ringbån en stevich papier.

De krapoan 140 lieten besjonge net allinne de skientme fan lânskip en taal, mar der stean ek canons yn, besinningslieten en in tal berneferskes fan Van der Meer, bedoeld om mei bern en âlden te sjongen.

Eltse kategory – der binne acht – wurdt tematysk foarôfgien troch in skilderij fan in Fryske keunstner. De foarkant jout dêr al in foarpriuwke fan.

Hindrik van der Meer (1938 Bantegea) hat muzykdosint west op’e Pedagogyske Akademy De Him yn Snits (Chr. Pedagogyske Akedeemje) yn Snits. Ein jierren 60 hat er him dwaande holden mei berneferskes (Kwek, kwek, minemyn) en mei de ferneamde Sing-in’s op twadde krystdei yn de súdwesthoeke fan Fryslân.

Presintaasje en sympoasium

Op 20 april 2023 wie der nei oanlieding fan it ferskynen fan de sjongbondel Kom & Sjong fan Hindrik van der Meer yn Tresoar yn Ljouwert in sympoasium. Sprekkers wiene Bert Looper, Jelle Krol, Beart Oosterhaven en Tialda Hoogeveen. Op 21 april waard de sjongbondel offisjeel presintearre en oanslútend dêroan wie der in Sjong-yn en Lietejûn d6er’t in protte sjongers op ôf kaam wiene.

Hindrik van der Meer mei de sjongbondel.

Op de webside fan Omrop Fryslân stie op 22 april dit stikje oer Hindrik van der Meer:

Yn Tresoar wiene op in sympoasium moaie wurden foar Hindrik van der Meer. “Hy is ien fan de grutte ferbiners yn de Fryske kultuer. Fan hege kultuer nei folkskultuer, fan tekst nei byld. Boppedat wie hy in fernijer at je sjogge nei de tsjerke- en bernelieten. Sa ien as Hindrik binne der net in protte fan”, waard der sein.

Van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding. Hy folge de kristlike kweekskoalle yn Snits. Dêr waard hy letter yn 1970 learaar muzyk.

Fryske berneferskes
As muzyklearaar oan in oplieding foar ûnderwizers murk Van der Meer dat der net folle eigentiidske Fryske berneferskes wiene. Hy foarseach yn dat ferlet troch sels ferskes te skriuwen en op muzyk te setten.
Hy hat noed oer dat it hieltyd minder wurdt, sei hy tongersdei. “Dêr meitsje ik my soargen oer. Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden.”

Hindrik van der Meer wol minsken mei ferskillende achtergrûnen op ûntspannen wize yn kontakt bringe mei de Fryske taal. Bert Looper fan Tresoar seit dat hy dêryn tige slagge is. “Hy hat in protte minsken waarm makke foar de Fryske taal. Syn lieten binne dragers fan dy taal”.
‘Ambassadeur’ wêze foar it Frysk, dat fielt Van der Meer ek as in opdracht en dêr betocht er ferskate inisjativen foar, lykas ‘kryst-speel-ins’ en literêre busreizen. De earste busreis wie yn 1990, yn it ramt fan it Frysk Festival.

Mei syn frou hat er de tochten 15 jier dien, sa’n 12 bustochten yn ’t jier en sa 7.000 minsken yn ‘e kunde brocht mei it Fryske lânskip, skriuwers, dichters en muzikanten.