Nei’t Utjouwerij DeRyp it prachtige boek oer boer/skilder Marten Groenhof yn it ljocht jûn hie, kamen der fragen oft we ek kaarten fan skilderijen fan Marten Groenhof hiene. No dus al. Yn in kartonnen mapke sitte 8 dûbele kaarten (13×13 cm). De binnenkant is blanco, op de bûtenkant stiet in foto fan in skilderij fan Marten Groenhof. Der binne fjouwer ferskillende kaarten, fan elk sitte der twa yn it mapke.
Fansels is der in ôfbylding fan Brânburren (It Heidenskip), it doarpke dat Marten Groenhof mannich kear skildere hat. Brânburren is ek op de eftergrûn te sjen fan it skilderij fan de Hofmar. Der is ek in ôfbylding fan de lytse skipswerf De Hoop fan Warkum en in ôfbylding fan in tsjalk by Heech.