Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Uitfestival Warkum mei poëzij en proaza

september 14 @ 13:00 - 15:30

Free

Sneon 14 septimber o.s. is yn Warkum it yn de Súdwesthoeke ferneamde Uitfestival. Dizkear is der yn de tún fan de Limonadefabryk oan de Nonnestsrjitte plak foar proaza en poëzij.

Optredens binne te ferwachtsjen fan Ytsje Hettinga út Koudum, dy’t sawol proaza as poëzij bringe sil, Ids de Roos út Warns dy’t ferhalen foarlêze sil oer Laaksum en Warns. Marije Sennema sil ien en oar fertelle oer har te ferskinen printeboek “Paula en de weirekke spegel” dat ynspirearre is op de ekspressioniste Paula Modersohn Becker. Dan komt der noch in Marije en dat is Marije Roorda dy’t túngedichten foardrage sil. Friduwih Riemersma (zie foto) sil te set oer har oersetting fan The Hill We Climb fan Amanda Gorman en hja sil ek noch wat nij wurk hearre litte.

Pianomuzyk is der fan Tine de Lange út Warkum. De optedens fine plak tusken 13.00 en 15.30 oere en de tagong is fergees.

Op dizze sneon binne der mear aktiviteiten yn it ramt fan it Uitfestival. Sa is der bygelyks ek in atelierrûte troch Warkum. Sjoch foar mea de side fan it Uitfestival.

Gegevens

Datum:
september 14
Tijd:
13:00 - 15:30
Kosten:
Free
Site:
https://uitfestivalwvf.nl/programma/workum/

Organisator

Organisaasje UITFestival

Locatie

Limonadefabriek, Nonnestrjitte 2, 8711CP Workum
Nonnestrjitte 2
Workum, 8711 CP
+ Google Maps