Op 3 septimber presintearret Utjouwerij DeRyp yn Koudum de nije ferhalebondel fan Ytsje Hettinga: Hiemhûn en oare ferhalen.
Hiemhûn is in bondel fan Ytsje Hettinga mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere, situaasjes tsjin. Guon binne anekdoatysk, oaren en miks fan fiksje en non-fiksje.
Ytsje Hettinga is berne by Dokkum (1946) en kaam, nei op in tal oare plakken wenne te hawwen, troch de leafde foar fêst telâne yn Koudum. Neist it boerinne wêzen wie se, en en is sy noch, aktyf op ferskaat kultureel mêd. Ytsje wie streekdichter fan de eardere gemeente Nijefurd. Sy is lid fan de skriuwgroep Hysp.
Yn 2002 krige se ien fan de Rely Jorritsmaprizen foar it ferhaal ‘Oessy’. Neist ferhalen en gedichten, skriuwt Ytsje ek toaniel en set stikken oer, haadsaaklik foar de teätergroep Sult dêr’t se benei yn alle produksjes op de planken stiet.
Mei de debútbondel Lange fingers en tichte skuon (2007) reizge Ytsje tal ferieningen en organisaasjes ôf om foar te lêzen út eigen wurk. Tuskentroch publisearre se yn ferskate sammelbondels foar proaza en gedichten. Ut en troch krige se prizen foar har skriuwen. Guon fan dy ferhalen binne opnommen yn dizze nije bondel.
De presintaasje fan Hiemhûn en oare ferhalen fynt plak by Pitch & Putt, Nieuweweg 42 yn Koudum en begjint om 16.30. Yn ferbân mei de koroanamaatregels is der plak foar maksimaal 50 minsken. At jo/jim fan doel binne om op dizze presintaasje te te kommen, graach efkes in berjochtsje stoere nei ytsjehettinga@kpnmail.nl.