De Fryske oersetting fan Amanda Gorman is klear
Nei alle rombom oer it oersetten fan it ferneamde ynhuldigingsfers ‘The hill we climb’ fan Amanda Gorman ferskynt op sneon 12 febrewaris de twatalige bondel mei de Fryske oersetting fan Friduwih Riemersma en Michelle Samba.
Amanda Gorman is de alderearste National Youth Poet Laureate of the United States en in minskerjochte-aktivist. Har fers, op 20 jannewaris 2021 foardroegen foar de Amerikaanske presidint Joe Biden, is ien fan hoop, wylst se tagelyk elkenien, swart en wyt, opropt ta echte rasse-lykweardichheid en rjochtfeardichheid.
It earste eksimplaar fan de Fryske oersetting, ‘De hichte beklimme wy’, sil op freed 11 febrewaris útrikt wurde oan de Nasjonaal Koördinator tsjin Diskriminaasje en Rassisme, Rabin Baldewsingh. De oersetting krige syn beslach yn opdracht fan Provinsje Fryslân. Fanwegen de omstannichheden is de boekoanbieding net iepenbier tagonklik.
Hoewol’t it Gorman-tiim mei klam Swarte oersetters siket, is harke nei it Fryske ferlet fan in oersetting dy’t oanslút by de lânseigen identiteit en alsa erkenning mooglik makket fan it eigen erfskip. It Hylper sitspatroan op it boekomslach ferwiist nei de Fryske belutsenens by kolonisearring.
Oersetter Friduwih Riemersma har debútbondel ‘Myn binêre koade’ is de Leeuwarder Courant syn Bêste Dichtbondel 2021. Kulturele meilêzer Michelle Samba wûn yn 2020 de Talintpriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.
‘De hichte beklimme wy’ is in twatalige lúkse útjefte mei in foaropwurd fan Oprah Winfrey en kultuerdeputearre Sietske Poepjes. Op 12 febrewaris 2022 is it boek te krijen yn de boekhannel.
Auteur: Amanda Gorman
Titel: De hichte beklimme wy
Utjouwer: DeRyp, Koudum, 12 febrewaris 2022
ISBN: 978 90 83163857
Priis: € 10,00