Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Presintaasje Brutsen lok fan Folkert Verbeek

juni 27 @ 14:00 - 17:00

Op freedtemiddei 27 juny sil by de iepening fan in eksposysje fan wurk fan de skilder Pier Feddema ek de dichtbondel Brutsen lok fan Folkert Verbeek presintearre wurde.

Doe’t Folkert Verbeek en syn frou likernôch sechstich jier troud wienen, moast er har, nei seis jier Alzheimer, ferlieze. Dat wie de ein fan in tige lokkich houlik en de boarne fan in slim fertrietlik gemis. Wat syn frou foar him betsjutten hat, hat de dichter yn ferzen besocht wer te jaan en gearbrocht yn dizze bondel. It hat syn fertriet ferlichte en him bemoedige om troch te gean. Tankberens en treast krigen de oerhân.

Folkert Verbeek waard yn 1931 berne op de tinkdei fan Sint Fransiscus, 4 oktober. As bern út in middenstânshúshâlding hat er boarte en skoallegien yn de lytste fan de Fryske alve stêden: Sleat. Op ‘e legere skoalle waard syn niget oan taal en tekenjen merkbiten. Syn deistich wurk as ferver stie jierrenlang syn artistike ambysje yn ‘e wei. Mar nei syn pensjoen koe er him dwaande hâlde mei it meitsjen fan skilderijen, lieten en gedichten. Sadwaande hat Verbeek op ferskate plakken wol skilderijen eksposearre, somtiden mei troch him skreaune gedichten derby.

Folkert Verbeek hat lietteksten skreaun foar de musicals Joazef, Ruth en Jona; Hindrik van der Meer makke dêrby de muzyk. Ek skreau er lietsjes foar inkelde lietebondels foar bern, lykas Wat in gelok (1983) en Mikst Menu (1994). Yn 1990 wûn er in Rely Jorritsmapriis foar poëzij. Yn 2017 ferskynde de dichtbondel It heane stee mei gedichten oer Sleat. Yn itselde jier waard de tekst fan syn ‘Jûnsliet’ bekroane mei de Bernard Smildepriis. It leauwen spilet in grutte rol yn it libben fan Folkert Verbeek en dat komt ek yn guon fan syn teksten nei foaren.

Gegevens

Datum:
juni 27
Tijd:
14:00 - 17:00