Yn ferbân mei de koroanamaatregels giet dizze presintaasje net troch
Yn 2001 is Abe de Vries op reizen nei East-Europa úteinset mei syn Frysk dichtsjen. No tweintich jier en tsien dichtbondels letter publisearret útjouwerij DeRyp in twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út dy tsien bondels. De titel fan de bondel is Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.
“In prachtige bondel: in ritmysk lûd fan wjerstânsfermogen en hoekhâlden”, sa seit Friduwih Riemersma fan dizze blomlêzing. Riemersma fersoarge ek in koarte ynlieding dêr’t se de poëtyske betsjutting fan Abe de Vries yn besiket te tsjutten. De Vries is ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta, sa net de belangrykste. Abe de Vries is ek in betûft fotograaf. By elk fan de tsien parten yn de blomlêzing stiet in foto dy’t hy sels makke hat.
De presintaasje fan de blomlêzing sil op 17 july yn De Vermaning, Noard 100, yn Warkum wêze, de jûns om 19.30 oere. Spesjaal foar de gelegenheid komt soan Tim de Vries oer út Wenen en sil inkelde solofioelestikken spylje. Nei it Conservaorium van Amsterdam teach Tim op 19-jierrige leeftyd nei Wenen, om feirder te studearjen by professor Boris Kuschnir oan de Musik und Kunst Privatuniversität der Stadt Wien.
Utjouwerij DeRyp en Abe de Vries nûgje elkenien fan herte út dizze jûn by te wenje. Dy’t derby wêze wolle, kinne harren opjaan kin fia info@utjouwerij-deryp.nl. Tim de Vries skriuwt fan Wenen út oer it konsert dat er ûnder de presintaasje jaan sil:
“Lieve vrienden,
Ik zou jullie bij deze heel graag willen uitnodigen voor een, voor mij, zeer bijzonder concert. De tweede keer dat ik voor een écht publiek spelen mag sinds corona uitbrak! In een intieme zetting zal ik een prachtig programma voor soloviool verzorgen, met werken van twee lievelingscomponisten: Bach en Ysaye. Het concert eindig ik met het meest legendarische stuk ooit geschreven voor viool: de Chaconne van Bach.
Daar wil je bij zijn! Ik hoop zoveel mogelijk bekende gezichten te zien.
Tot gauw,
Liefs,
Tim”