Ein jannewaris 2025 ferskynt in orizjineel Frysk printeboek by Utjouwerij DeRyp mei de titel Paula en de weirekke spegel. Skriuwer fan it ferhaal is Marije Sennema en de printen binne makke troch yllustrator Tijana Lukovic. De offisjele presintaasje fan it boek fynt plak op 20 jannewaris 2025 yn museum Belvédère yn Oranjewoud.