Op 30 novimber sil in it Museum Dr888 de boekpresintaasje plakfine fan De reis fan it famke, makke troch Catharina (tekst) en Hilleke (ôfbyldingen) Lautenbach. It boek is in orizjineel, aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taastet. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben.
It boek giet oer in famke dat har swantsje en waarme eilân ferlit om te sykjen nei in suske dat se graach ha woe. Op de rêch fan in walfisk doarmet se oer grutte seeën en se stekt ûnderweis oan op ferskate eilannen. Dêr moetet se frjemde minsken, lykas in man dy’t op reinwetter sit. De bisten dy’t se treft ha ek har nuveraardichheden, lykas in ûltsje dat gjin pykjes ha wol om’t se leaver in kniperke docht yn de waarme sinne. De moetings mei al dy bjusterbaarlike wêzens roppe nije fragen by it famke op: wat jout wearde oan it libben? Is in suske it antwurd?
It is de bedoeling dat it in fleurige boekpresintaasje wurdt mei in muzykje derby.
Elkenien is fan herte wolkom, de tagong is om ’e nocht!
Datum 30 novimber 2024
Tiid 15.30 – 16.30 oere (ynrin fanôf 15.00 oere)
Adres Museum Dr8888 (tsjinoer de bibleteek)
Museumplein 2, 9203 DD Drachten