Eppie Dam (De Pomp, 1953) is dichter, skriuwer, berneboekeskriuwer, skepper fan liturgys wurk, fertaler en poëzyresinsint. Hy debutearre yn 1978 mei in dichtbondel én in ferhalebondel. Hy skreau neist boeken foar folwokeksenen nochal wat berneboeken, fan sfearfolle boekjes foar de alderlytsten oant en mei tsjokke jeugdromans. Yn syn berneboeken binne fleur en humor rom te finen en dat is ek it gefal yn de fûgelgedichten yn Tsjilp!.
Yn 2013 stalde Dam de blomlêzing Oer de wjuk gear, mei 159 Fryske fûgelgedichten fan ferskate dichters. Illustrator Lienke Boot makke dêrby in pear pintekeningen. Foar Tsjilp! wurke Dam wer gear mei Lienke Boot. Dizze kear makke se by elk fan de 25 fûgelgedichten fan Dam in linofyk. It giet om algemien yn Nederlân (Fryslân) foarkommende fûgels, bygelyks blokmies, fink, swel, spjocht of swan. Yn it boek – op rom formaat útjûn – steane hieltyd op ‘e linkerside de printen fan de fûgels en op de rjochterside de gedichten. By de gedichten steane ûnder elkoar de Fryske Latynske , Nederlânske , Dútske en Ingelske , Frânske namme fan de oanbelangjende fûgel.
It foarmjaan fan it printwurk fan Tsjilp! wie yn hannen fan Annemarije Dam.
Tsjilp! is op 17 febrewaris 2017 presintearre yn restaurant Boschlust yn Aldemardum. Dêr naam byldzjend keunstner Gerrit Terpstra it earste eksimplaar yn ûntfangst. Hille Faber, oait bandlid fan de groep Jarje, en tagelyk útjouwer fan de bondel, hie fiif gedichten op muzyk set. Bernekoar Prelude liet de fûgelsankjes dy middei hearre. Daliks nei de presintaasje wiene yn besikerssintrum Mar en Klif de orizjinelen fan de yllustraasjes te bewûnderjen.
Tsjilp!: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters waard foardroegen foar de IBBY Honour List 2020.
Mear
- Ynterview mei Eppie Dam en Lienke Boot yn de Nieuwsbrief Museum Sloten Voorjaar 2020 nei oanlieding fan de eksposysje Twee zielen, één natuur mei de lino’s fan Lienke Boot en de gedichten fan Eppie Dam.
- Nederlânstalich besprek fan Tsjilp!: Friese literatuursite van Jelle van der Meulen