Fan de webside fan Tresoar

Op moandei 3 july 2023 is it boekje ‘Naar gelang het Noorden’ op it Provinsjehûs oanbean oan deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes troch Martsje de Jong. Martsje siet yn de kommisje mei Inge Heslinga, Goffe Jensma, Doeke Sijens en Hylke Tromp, dy’t yn opdracht fan it Skriuwersboun tsien dichters útsocht ha om mei in oersetting in ‘brochure’ gear te stallen dy’t in byld jout fan hjoeddeiske Fryske poëzy, fan de 21ste iuw.

De brosjuere is yntusken oanbean oan it bestjoer fan de PC Hooftprijs; de grutte lanlike literatuerpriis dêr’t ek Frysktalige poëzy foar yn ‘e beneaming komt. De dichters dy’t opnaam binne yn dit boekje binne: Tsead Bruinja, Nyk de Vries, Elmar Kuiper, Abe de Vries, Elske Kampen, Cornelis van der Wal, Jacobus Q. Smink, Eppie Dam, Piter Boersma en Aggie van der Meer.

Elke dichter wurdt yntrodusearre mei in swart-wytfoto, in yntro oer it wurk fan de dichter, in twatal gedichten yn ’t Frysk mei in Hollânske oersetting, in opsomming fan publisearre dichtbondels, in wurdearring troch de parse en sa mooglik in webside fan de dichter. De earste printinge hat in oplage fan 100 stiks.

Fan de webside fan Koos Tiemersma (4 juli 2023)

‘Naar gelang het Noorden’ is út, mei op de foarkant twa baaien himden. Neffens my hie in te grutte broek better west, en wel hierom.

It hjirboppe neamde boekje is in epistel mei oanrikkemedaasjes foar de P.C. Hooft-prijs fan 2024. Ut namme fan It Skriuwersbûn. In fraaie bondel/blomlêzing/brosjuere mei wurk fan tsien Fryske dichters waard op 3 july oanbean oan Sietske Poepjes, yn it Provinsjehûs noch wol: as je wat dogge, doch it dan yn styl. ‘Naar gelang het Noorden’, jawohl.

Even in koarte foarskiednis. De PC Hooft-prijs is in oeuvrepriis yn it Nederlânse taalgebiet, jierliks út te rikken foar essays, proaza of poëzy. Omdat Fryslân ek ta it Nederlânse taalgebiet rekkene wurdt, tocht it bestjoer fan It Skriuwersbûn der goed oan te dwaan en bring ek de Fryske literatuer ûnder de oandacht fan de sjuery, dy’t takom’ jier foar poëzy útrikt wurde sil.

Op himsels is dêr niks mis mei, ek hjir wurdt ommers goeie literatuer makke en wêrom soe ús wurk ék net beoardiele wurde meie? In loflik stribjen dus, gjinien kin der wat op tsjin hawwe. Oant safier teminsten. It begûn te jûkjen (teminsten by my) doe’t ik fernaam dat it Skriuwersbûn ek mei in seleksje komme soe. Wilens is dy der; tsien dichters binne troch in kommisje (wêr soene wy keare as dy der nét wie) útferkard om yn de vaart der volkeren opnommen te wurden. Fijn foar dy tsien, mar hoe soe de rest deroer tinke?

Lês fierder op de webside fan Koos Tiemersma

Arjan Hut oer Naar gelang het noorden

“In moanne as wat lyn fielde ik al dat der wat rommele oan de hoarizon, der hong wat  yn de loft, in frjemde, nuvere spanning. Stilte fan wantrouwen foar in stoarm fan ûntefredenheid. Men wie dwaande  in nij oersjoch fan de Fryske poëzy gear te stallen, erges yn in keuken op it Fryske plattelân.” Arjan Hut syn kollum ‘Blomlêsgedonder’ oer Naar gelang het Noorden, foarlêzen yn de podcast Gabriëlle en Arjan bedoele it net ferkeard.

Gedicht uit Naar gelang het noorden

 In de ‘Boekentafel van Godert Walter’ van 12-8-2023 werd een gedicht van Abe de Vries uit Naar gelang het noorden voorgelezen, zowel in het Nederlands als het Fries. Beluister het op YouTube. Het gedicht wordt aan het begin van het filmpje voorgelezen.