It libben fan Freark fan Hallum (2018) is oerset út it Latyn troch Klaas Buinsma. Dit boek beskriuwt it libben fan de earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175. It hilligelibben waard omtrint 50 jier nei syn dea skreaun troch Sibrand fan Hallum, de sechsde abt fan Mariëngaarde, en yn 1575 kopiëarre (en bewurke) troch Sibrandus Leo, kanunnik fan it premonstratenzer kleaster fan Mariëndal te Lidlum by Tsjummearum, yn de Vitae Fretherici. Dit is as in wûnder bewarre bleaun by de reformaasje fan 1580.

freark-fan-hallum-klaas-bruinsma

Klaas Bruinsma (1931-1918) hat de Vitae Fretherici streekrjocht fan it Latyn oerset yn it Frysk. Bruinsma hat mear as tritich titels oerset út ferskate talen sa as it Gryksks, Latyn, Midflaamsk, Spaansk, mar ek Midnederlânsk nei it Frysk. Hy sette ûnder oare trije trageedzjes fan Sofoklês yn it Frysk oer, lyk as de Ilias en Odyssee fan Homéros en krige twa kear de Obe Postmapriis foar oersettingen. Dizze útjefte is faaks wol de lêste oersetting dy’t Bruinsma makke. Hy ferstoar 29 oktober, krap fjouwer moanne nei de presintaasje fan it boek.

De presintaasje fan It libben fan Freark fan Hallum fûn plak op 6 july, de middeis om 15.00 yn de Sint Maartentsjerke fan Hallum. Oersetter Bruinsma kaam sels oan it wurd, der wie muzyk en in koarte lêzing oer de betsjutting fan Freark foar Hallum. It wie in dei earder noch mar tige de fraach oft Bruinsma wol by steat wêze soe om syn sêchje to dwaan by de presintaasje, want de sûnens koe lang net sprekken lije. Mar it slagge en nei in bytsje in stroffelich bigjin, hy omskreau syn fysike tastân sels as min – nou eins striemin – kaam er geandewei syn lyts referaat better op ‘e gleed. Nei ôfrin koe it boekwurkje, 71 siden, stevich, fleurich oandwaand omkaft, kocht wurde. De master wie genegen om mei in sierlik letterke in tapaslike tekst yn de oankeap to sinjearjen.

Yyn syn ynlieding op de oersetting. beskriuwt Bruinsma hoe’t Sibrandus Leo kjel waard fan it fersyk dat de nonnen diene om it libben fan Freark op te skriuwen, sa’t er skriuwt yn it foarwurd fan syn libbensbeskriuwing. Want hy fynt himsels mar in ienfâldich man. In part fan wat er opskriuwt hat er optekene út de mûle fan minsken dy ‘ t Freark noch kend ha. De tekst is as ôfskrift telâne kaam yn it saneamde ‘Brusselse Handschrift’, dat bewarre wurdt yn de Keninklike Biblioteek fan Brussel. Bruinsma jout ek in karakterisearring fan de persoan fan Freark fan Hallum en makket inkelde opmerkings oer it kleaster. 

Sibrandus Leo hat it libben fan Freark fan Hallum opskreaun yn sechstich lytse haadstikken. Trochinoar trije oant fjouwer kear yn in haadstik jout de oersetter tige koarte, praktyske taljochtingen troch noaten oan ‘e ein fan it boek. Soms binne dat neiere taljochtingen by in namme (Bethlehem = Bartlehiem bygelyks), meastal binne it ferwizingen nei Bibelplakken, om’t de oarspronklike skriuwer fan dit hilligelibben in soad gebrûk makket fan taspilingen op Bibelfragminten. Fierder stiet achter yn it boek in list mei persoansnammen mei koarte taljochtings.

Besprek

Friese-literatuursite van Jelle van der Meulen: Klaas Bruinsma (1931) is een Friese vertaler met een bijna ongelooflijke staat van dienst. Hij vertaalde naar het Fries talloze werken uit de middeleeuwse Nederlandse literatuur, zoals Karel en de Elegast en Beatrijs, maar ook uit de klassieke wereldliteratuur, met als hoogtepunt de Ilias en de Odyssee. Nu vertaalde hij een in het Latijn geschreven heiligenleven van de 12e-eeuwse stichter van het klooster Mariëngaarde bij Hallum.
[…]
Het is geschreven in een wat plechtige, ouderwets aandoende taal, die stroef leest. Daar kan een vertaler niet zo heel veel aan doen, als je ervoor kiest om een dergelijke Latijnse tekst letterlijk te vertalen. Ik zou in dit geval misschien liever gehad hebben dat de vertaler dit heiligenleven bewerkt zou hebben en minder letterlijk vertaald. Als de geschiedenis van deze Freark fan Hallum naverteld zou zijn in een vlotter aandoende, modernere taal, zou ik waarschijnlijk met meer plezier dit toch wel wonderlijke verhaal gelezen hebben, waarin deze Freark geëerd en tot voorbeeld gesteld werd.
[…]
Het boek is verder weer – zoals we gewend zijn van Utjouwerij DeRyp – verzorgd uitgegeven.