It Blauwe Hûs, skreaun en tekene troch Skelte Siweris Braaksma, fertelt byldzjend oer de skiednis fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne oan de hân fan in jonge en in famke, Simen en Sijke. Sy meitsje hieltyd alles wer op harren eigen wize mei. Fan wierbarde saken as oerstreamingen oant drûchlizzing, mar ek fan Blauhûster pastoaren yn de gouden iuw en de Twadde Wrâldoarloch en it giet ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke.
It lânskip feroaret troch it hiele boek hinne en lit dúdlik sjen dat de tiid yn Blauhûs net stil stien hat. En it is net allinne histoarje, der is ek oandacht foar saken dy’t aktueel binnen yn 2020, en it hat in fyzje op de takomst. Tekener en skriptskriuwer Skelte Braaksma hat flink stúdzje makke fan de skiednis en de ûmjouwing fan Blauhûs, dat komt dúdlik werom yn it ferhaal en treflik tekenwurk.
Earder wurk fan tekener Skelte Siweris Braaksma binne ûnder oare de histoaryske stripboeken Fete en Magnus. Syn missy is fan Fryslân in striplân te meitsjen, dat wol sizze in lân fol strips en (strip)tekeners sa as Frankryk, België en Japan binne bygelyks. Sûnt de oprjochting fan syn bedriuw Striplân yn 2017 lyket der in opkomst fan de strip te wêzen yn Fryslân. Sa hat er yn 2019 mei oare striptekeners it kollektyf De Noorderlingen ta stân brocht. Striplân’s ûnderwerpen draaie in soad om (de Fryske) histoarje en by nammen ûnderbeljochte persoanen en barrens. It oarspronklike idee foar it útjaan fan de strip oer Blauhûs ûntstie yn 2018 by in Kultuertop fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
De presintaasje fan it boek is op 12 septimber yn Blauhûs:
Foarbylden út It Blauwe Hûs: