Op 3 septimber presintearre Utjouwerij DeRyp yn Koudum de nije ferhalebondel fan Ytsje Hettinga: Hiemhûn en oare ferhalen.
Hiemhûn is in bondel fan Ytsje Hettinga mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere, situaasjes tsjin. Guon ferhalen binne anekdoatysk, oaren in miks fan fiksje en non-fiksje.
Ytsje Hettinga is berne by Dokkum (1946) en kaam, nei op in tal oare plakken wenne te hawwen, troch de leafde foar fêst telâne yn Koudum. Neist it boerinne wêzen wie se, en en is sy noch altyd, aktyf op ferskaat kultureel mêd. Ytsje Hettinga wie streekdichter fan de eardere gemeente Nijefurd. Sy is lid fan de skriuwgroep Hysp.
Yn 2002 krige se ien fan de Rely Jorritsmaprizen foar it ferhaal ‘Oessy’. Neist ferhalen en gedichten, skriuwt Ytsje ek toaniel en set stikken oer, haadsaaklik foar de teätergroep Sult dêr’t se benei yn alle produksjes op de planken stiet. As gjin oar wit dizze betûfte toanielskriuwster dialogen te skriuwen. Dat sjochst werom yn dizze bondel ferhalen dy’t mear as ien kear in soad ynkringende of boartlike dialogen befetsje.
Mei de debútbondel Lange fingers en tichte skuon (2007) reizge Ytsje tal ferieningen en organisaasjes ôf om foar te lêzen út eigen wurk. Tuskentroch publisearre se yn ferskate sammelbondels proaza en gedichten. Ut en troch krige se prizen foar har skriuwen. Guon fan dy bekroande ferhalen binne opnommen yn dizze nije bondel.
By de presintaasje fan Hiemhûn en oare ferhalen (by Pitch & Putt yn Koudum) lies de skriuwster twa ferhalen foar, it tagelyk skerpe en koartswilige ferhaal ‘Ruilbeurs’ en it titelferhaal ‘Hiemhûn’. Yn it oktobernummer fan Bulte Nijs, ‘de doarpskrante fan Koudum’, stiet in koart ferslach fan de presintaasje by Pitch & Putt yn Koudum . Op sneon 25 septimber wiene der moarns en middeis goed besochte signeersessies by de Koudumer boekhannel Muizelaar.
Yn it Friesch Dagblad fan 2 oktober 2021 seit Elisabeth Abels-Gorter, fan de boekwinkel fan de AFÛK, ûnder oaren oer Hiemhûn dat it boek hearlik alle kanten op giet, sawol wat ûnderwerp as emoasje oanbelanget. Se seit ek dat Ytsje Hettinga heel byldzjend en humoristysk skriuwt, dat guon ferhalen luchtich en grappich binne en oare ferhalen de lêzer by de strôt gripe of neitinke litte.
Al earder (17 septimber) ferskynde yn de Ljouwerter Krante in ynterview fan Elisabeth Post mei de dit jier 75 jier wurden skriuwster. Hoewol, skriuwster? Sa fielt se har net, al hat se krekt in twadde ferhalebondel publisearre. Mar, sa seit Ytsje, se hâldt wol fan de Fryske taal en fan it boartsjen mei wurden. As de ynterviewster in lytse opsomming jout fan allerhande ferskillende ferhalen yn it boek, freget se Ytsje nei in oerkoepeljend tema. Dy jout dan as antwurd dat it boek lykas it libben is: faak is der gjin tema, mar giet it alle kanten út. Of, sa’t Ytsje it seit: “Dan is it wer fleurich, dan is it wer treurich.”
Se fertelt yn it ynterview dat de ferhalebondel der net west hie, as Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp har net frege hie oft se noch wat ferhalen lizzen hie. Dat hie se wol, en foar de bondel hat se ek noch in tal nije ferhalen skreaun, lykas it titelferhaal ‘Hiemhûn’, oer in âldere man dy’t it hiem net ôf doarst om’t er bang is foar corona.
At de ynterviewster de fraach stelt of Ytsje faaks ek in roman skriuwe wol, wit Ytsje ynearsten wat om dy fraach hinne te draaien. Dan soe se oare dingen dy’t se graach docht – toanielspylje en skriuwe foar teätergroep Sult bygelyks – lizze litten moatte. Mar efkes letter seit se eins wol sin oan it skriuwen fan in roman te hawwen, dat wa wit komt der noch wol ris sa’n roman. Mar foarearst moat de lêzer it dwaan mei de ferhalebondel. Of de harker, want Ytsje mei graach foar in selskip ferhalen foarlêze. Mei har toanielerfaring kin se dat nammers as de bêste, lykas ek bliken die by de boekpresintaasje.