De Trochreed fan Jan Bouwhuis is útferkocht.
Resinsje fan Jaap Krol yn it Friesch Dagblad:
Presintaasje 1 desimber 2019
Foto fan de presentaasje fan De Trochreed: (klik hjir foar mear foto’s)
Fan de presintaasje makke Jan Pieter Dijkstra in ferslach. Dêryn skriuwt er ûnter oare:
De titel fan it boek jowt kreas oan hoe ’t en wer ’t de forhalen yn de geast – en fansels net to forjitten, út de pinne – fan Bouwhuis ûntstien binne. It libben leit ommers op ’e strjitte, al is dat libben dan biheind ta in pear gongen yn en by in forpleechhûs; hy hat it opfandele en der hwat nijsgjirrichs fan makke, in hiele keunst.
Dy titel is: ‘De Trochreed, yn ’e lijte fan Huylckenstein.’ Sa sit it mar krekt. De ‘Trochreed’ is de namme fan ien fan de wenwjukken fan Huylckenstein, dêr ’t Bouwhuis de lêste jierren fan syn lange libben – hy waerd 94 – trochbrocht hat. Mei koartswyl wit hy (earder boer en skriuwer, of moat it oarsom?) deistige saken – segaren smoke, op ’e tiid in slokje, hwat kaertspylje, in praetsje oer it waer, in kuijerke, in knipperke, ensafuorthinne – to forwurdzjen, yn syn memmetael. Karakteristiek yn de sfeartekening: Gauris komt der oan de ein in hiel forrassende clou op it aljemint, dy ’t de lêzer, of de harker (hwant tige geskikt om foar to lêzen) laitsje of op syn minst efkes gniisgobje lit. Nea is syn pinne yn fenyn ûnderdompele, altiid posityf oansjen tsjin de mooglikheden dy ’t men op sa ’n leeftiid noch hat. En dat bisykje oer to bringen nei jo ‘lotgenoaten/buorlju.’
De hiele ynlieding is hjir te lêzen.
Op kommende wei
Op kommende wei (2023-2024): De trochreed, “een voorstelling gebaseerd op de verhalen van
Jan Bouwhuis over een Echte Fries in de laatste fase van zijn leven omringd
door Lotgenoten.” Troch J&M Teaterwurk fan Marijke Geertsma en Jan Arendz.