In jierdeikalinder mei tolve ôfbieldingen fan skilderijen fan Gerrit Terpstra en gedichten fan Eppie Dam. Gerrit Terpstra makke by eltse moanne fan it jier in skilderij en Eppie Dam skriuw der gedichten by yn it Frysk en it Hollânsk. Fan dizze bysûndere skilderijen en gedichten is in prachtige jierdeikalinder makke.

De presintaasje fan dit bysûnder projekt wie op 4 novimber 2015 dêr’t sa’n 75 besikers op ôfkamen. It earste eksimplaar waard yn de boekwinkel fan Van der Velde yn Snits troch Hille Faber fan útjouwerij DeRyp oerlange oan emeritus predikant Alex van Ligten. Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga holden in koarte ynlieding op it wurk fan Terpstra en Dam, Bense Plinsinga spile piano.

Wat ha minsken by de tafel dien behalve ite? Plannen meitsje, plattegrûnen. Elkoar yn de eagen sjen om wille fan in dream, in oare takomst tichtebij. Sa sieten mei sielsmaten minsken om’e tafel. Fan de earste folgelingen oant de lêste idealisten, de ieuwen troch hieltyd wer de betinkers fan in nije tiid. Om ’e tafel sykje minsken de rûnte dy’t har ferbynt yn ’e yllúzje fan ienriedigens. Want minsken rekkenje bûten harsels. Elk kin de ienling wêze dy’t brekt, samar loslit wat juster heech yn it findel stie. Dat binne allegear fragen en gedachten dy’t by de dichter en de byldzjend keunstner opkamen en dy’t se elk op harren eigen wize ferbyldzje.

Henk vand er Veer skriuw oer de kalinder yn it tydskrift De Moanne. Dêr skriuwt er ûnder oaren dat Gerrit Terpstra en Eppie Dam (beide berne yn 1953) elkoar al jierren koene en op artistyk mêd al earder gearwurken. “Dêroer fertelde Elske Schotanus it yn en oar. ‘Dy Joazef yn Dingeman krijt wjukken, hat dochs behoarlik wat wei fan Gerrit Terpstra. Is basearre op Gerrit Terpstra’, woe Schotanus ha. It boek foar bern fan 9 jier en gans âlder kaam yn 1999 út by de Afûk. It is ien fan de mienskiplike projekten fan Terpstra en Dam, wêrby’t de lêste in kostlik ferhaal skreau en de earste it byldwurk fersoarge.”

“Ek foar lytsere bern hat it duo gearwurke, fertelde Schotanus. ‘It boek Mezen meitsje toch gjin rúzje út 2005 befettet diereferhalen fan Anton Koolhaas dy’t troch Dam bewurke en fertaald binne en Gerrit Terpstra makke de yllústraasjes foar dit boek.’ Fierder neamde Schotanus noch it printeboek Fjouwer dappere mûskes fan it twatal. Opfallend neamde de ynliedster op de presintaasje noch dat ‘eleminten út Gerrit Terpstra syn wurk werom te sjen binne yn oar wurk’. Yn Dingeman krijt wjukken steane letterlik ôfbyldingen fan it byldwurk fan Terpstra dy’t út syn wurkboeken komme.”

“Eeltsje Hettinga hold in koarte ynlieding oer it wurk fan beide keunstners, wêrby’t hij û.o. yn de bibel sjoen hie hoe faak it wurd ‘tafel’ der wol net yn foarkaam. ‘Yn de Wumkesbibel komme safolle tafels foar, ik bin mar opholden mei tellen’ fertelde Hettinga. ‘Minsken om ‘e tafel kin fan alles wêze, der is altyd wol wat. Iderien wol heard en sjoen wurde’, wit Hettinga. Oer it dichtwurk fan Eppie Dam op dizze kalinder wie hij entûsjast: ‘Dy rigels steane as in dyk …’ Hettinga lies trije gedichten foar, as in priuwke fan al dat moais. It earste gedicht:

Neat hie der tusken ús west, noch gjin tinkenús bûn.
Oant de dei dat er tusken ús yn stie:
de tafel mei it eachfoarmich blêd, dat alle blikken
yn perspektyf luts, de hollen bûgde nei in idee.
Tafel, blankhouten skepper fan in fermidden,
yn syn royaal ovaal de rûnte útdrukkend
dêr’t de ierde syn gong om ’e sinne mei tekent,
wer útfaget, it omsittend laach ta in tabula rasa.
Skriuwe minsken skiednis? Makken wij skoalle?
Neam it beweging, sa’t wij stilstiene bij feroaring,
elkoar de wurden út ’e mûle liezen
om mear te wêzen as in stim yn ’e marzje.

Fiif stjerren

De keunstkalinder krige yn de Leeuwarder Courant het maximale aantal sterren van recensent/dichter Aggie van der Meer:

Oare besprekken

Friduwih Riemersma – De Tafel fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra. Yn: Fers2 nû. 21, 28 novimber 2015. De ein fan it besprek: ” Want ferhaal en byld meie dan prachtich yn lykwicht wêze, de tabula rasa fan it kalinderblêd noeget it beskriuwen út as in rollûk de graffiti: it wurdt der allinne mar moaier fan. Oars sein, it gebrûksaspekt kompletearret it artistike aspekt en dat is sûnder mear prachtich.”

Friese literatuursite van Jelle van der Meulen seit û.o.: “In 1994 maakte Terpstra een reeks van twaalf schilderijen in gemengde techniek op panelen (formaat 90×75) onder de titel ‘Minsken’ (Mensen). Op de deels figuratieve, maar meer abstracte schilderijen staat telkens onderaan de titel ‘minsken’, bovenaan het nummer en elders op de afbeelding de naam van een maand van het jaar. […] De twaalf schilderijen staan nu afgedrukt op een artistieke verjaardagskalender. […] Uiteindelijk blijft er niets over dan ‘uitgewoed vuur’, as en de ‘schamele stilte van bescheiden reflectie’. En leegte, ‘het tafelblad als vacuüm’ – en toch wil het licht ‘dat schitterde door lanen van belofte’ in de mensen om de tafel niet doven.


Dat is dan de uitkomst van de zoektocht van de dichter naar, ja naar wat eigenlijk? Naar de essentie van het bestaan dat gezocht moet worden in vernieuwing en bezieling binnen een gemeenschap? Dat zijn grote woorden, maar die worden dan ook opgeroepen door de grootsheid van de intrigerende schilderijen. Eppie Dam heeft daar een mooie dimensie aan toegevoegd: een intrigerende cyclus gedichten.”

Mear

Ynterview van Sietse de Vries met Eppie Dam over De Tafel yn de Leeuwarder Courant van 30 oktober 2015.

Werom nei produktside of werom nei bestelside De Tafel.