De hichte beklimme wy is de Fryske oersetting fan The Hill We Climb, it spoken-word-fers dat Amanda Gorman foardroech by de ynauguraasje fan de nije Amerikaanske presidint Biden yn jannewaris 2021. De Fryske oersetting is fan Friduwih Riemersma, mei Michelle Samba as kulturele meilêzer. Riemersma waard foar de oersetting frege de provinsje Fryslân. De hichte beklimme wy wurdt troch Utjouwerij DeRyp útjûn yn in twatalige lúkse útjefte mei in foaropwurd fan Oprah Winfrey en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.
Nei alle rombom oer it oersetten fan dit ferneamde fers‘ ferskynde op sneon 12 febrewaris 2022 einliks de twatalige bondel mei de Fryske oersetting fan Friduwih Riemersma en Michelle Samba. Amanda Gorman is de alderearste National Youth Poet Laureate of the United States en in minskerjochte-aktivist. Har fers is ien fan hoop, wylst se tagelyk elkenien, swart en wyt, opropt ta echte rasse-lykweardichheid en rjochtfeardichheid.
It earste eksimplaar fan de Fryske oersetting, ‘De hichte beklimme wy’, is op freed 11 febrewaris útrikt wurden oan de Nasjonaal Koördinator tsjin Diskriminaasje en Rassisme, Rabin Baldewsingh. De oersetting krige syn beslach yn opdracht fan Provinsje Fryslân. Fanwegen de koroana-omstannichheden wie de boekoanbieding net iepenbier tagonklik.
Hoewol’t it Gorman-tiim mei klam Swarte oersetters siket, is harke nei it Fryske ferlet fan in oersetting dy’t oanslút by de lânseigen identiteit en alsa erkenning mooglik makket fan it eigen erfskip. It Hylper sitspatroan op it boekomslach ferwiist nei de Fryske belutsenens by kolonisearring.
Oersetter Friduwih Riemersma har debútbondel ‘Myn binêre koade’ is de Leeuwarder Courant syn Bêste Dichtbondel 2021. Kulturele meilêzer Michelle Samba wûn yn 2020 de Talintpriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.
‘De hichte beklimme wy’ is in twatalige lúkse útjefte mei in foaropwurd fan Oprah Winfrey en kultuerdeputearre Sietske Poepjes. Op 12 febrewaris 2022 wie it boek te krijen yn de boekhannel en in wike letter wie it útferkocht.