It boek mei de titel De 13 fan Obbe Sjutsje giet oer wat de beide auteurs yn harren ynlieding ‘gewoane minsken’ neame. In neiere beskôging fan ‘e ynhâld leart dat dy oantsjutting by lange nei de lading net dekt. It giet hjir om in goed útdjippe (sosjaal-histoaryske) skiednis fan in fenomeen, nammentlik psychiatryske problemen yn in boerehúshâlding, Roomsk-katolyk, op in frijwat ôfhandich plak op it plattelân fan Fryslân, te witten Sânfirderryp.

Om koart te wêzen: fan de grutte húshâlding – trettjin bern – waarden op syn minst seis fanwegen skizofreny yn in psychiatryske ynrjochting ûnderbrocht, in unyk mar tige tryst unikum. It boek beskriuwt dizze gefallen, binnen en bûten de troffen húshâlding. It sosjale aspekt, de impact derfan op gesinsleden, buorlju, kunde, doarpsbewenners en behannelers fan de pasjinten, en harren reaksjes dêrop, wurde beljochte. It boek kin sjoen wurde as in oant no folslein ûnderbeljocht bleaune skiednis oer it ‘net goed’ wêzen op it plattelân, sa ’t de auteurs it neame. It feit dat auteur Mechtilde Postma in dochter is fan de iennichste út de húshâlding dy ‘t troude, ferklearret har belutsenens en it keazen perspektyf.

Dêrnjonken jout it boek in yntym byld fan it Fryske boerelibben tusken likernôch 1850 -1980. Hoewol ‘t dêr wol meardere foarbylden fan te finen binne, is de kombinaasje mei it skizofreny-aspekt unyk. Om it ferhaal in beskate autentisiteit te jaan is derfoar keazen om it boek yn it Frysk ferskine te litten, wêrby ‘t de lêzer mei it pleatslike, soms ôfwikende idioom as paadwizer troch dy skiednis fierd wurdt.

Friso

Yn de Workumer krante Friso skreau Jan Pieter Dykstra in stik oer de ‘nijsgjirrige kronyk fan in boerefamylje’. Yn it stik skriuwt er oer de presintaasje fan De 13 fan Obbe Sjutsje op tongersdeimiddei 12 maaie yn kafee De Freonskip yn Blauhûs, sa’n fjouwer kilometer fan de Tempelpleats ôf dêr’t de húshâlding fan de Postma’s wenne. De presintaasje hie in ynformeel karakter en wie goed besocht troch minsken dy’t fuort it boek kochten en sinjearje lieten troch ien fan de skriuwers, Goaitsen van der Vliet. As yntermezzo wie der in lyts optreden fan twa eardere leden fan de Fryske folkgroep Jarje.

Friesch Dagblad

Op 14 maaie 2022 stie der oer twa siden yn it Friesch Dagblad in artikel fan Abe de Vries oer De 13 fan Obbe Sjutsje. It artikel is foar in part in besprek en foar in part in ynterview mei de auteurs fan it boek. It stik begjint sa:

It is in ferhaal dat jin earst net rjocht oan wol. It ferhaal fan de bewenners fan de pleats De Tempel. Yn 1916 setten Obbe Postma út Kûbaard en Sjutsje Ydema út Greonterp dêr útein, nei’t se de earste fyftjin jier fan har trouwen yn Obbe syn berteplak buorke hienen. Fansels begûnen se yn ’e Sânfurdterryp yn ’e ferwachting fan in moaie takomst. Mar it kaam oars. Om 1950 hinne sieten seis fan de acht soannen yn in ynrjochting. Sjutsje sels en trije oare bern hienen ek geregeld it paad bjuster west. De oarsaak: erflike kwetsberens foar skizofreny.

Dan jout De Vries foarbylden fan de ellinde dy’t de famylje mei de bern meimakke en hy sitearret de skriuwers fan it boek: “‘Wat him dêr allegear ouspile hat, kinne wij ús safolle jierren letter in foarstelling fan meitsje, mar mear ek net’, warskôgje de skriuwers yn it foaropwurd fan De 13 fan Obbe Sjutsje . ‘Wij moatte it dwaan mei de bewarre bleaune geskriften en de oantinkens fan minsken dy’t ien en oar fan tichtbij of fan hearren sizzen meimakke ha.’”

Kop fan it artikel yn it Friesch Dagblad

Foardat De Vries fragen stelt oan de skriuwers fan it boek, Mechtilde Postma en Goaitsen van der Vliet, seit er noch:

De oantinkens fan Mechtilde, ien fan de mar twa bernsbern dy’t Obbe en Sjutsje krigen hawwe, binne yn it boek apart foarmjûn, oanfolle mei allerhanne boarnen en foaral mei wat in lytse fjirtich oare minsken noch oan anekdoates neilitten hawwe of noch út eigen ûnderfining wisten te fertellen. Sa is net allinnich it wol en wee fan ien húshâlding op skrift steld. Wy krije ek aardich wat mei fan de streekskiednis fan Blauhûs en omkriten. Want de Postma’s, mei har bytiden opfallende en nuvere, foar in part erflik bepaalde hâlden en dragen, dienen likegoed as oare famyljes út ’e krite wol mei yn it pleatslike ferieningslibben en ek it roomske tsjerkelibben fan Blauhûs.

Yn it ynterviewpart fan it stik wurdt ûnder oare yngean op de fraach wêr ’t de skizofreny weikaam. Dat siet wierskynlik yn de famylje fan Sjutsje, en Obbe wie der ek foar warskôge. Ek beklamje de skriuwers dat se net fan doel wiene om in streekskiednis te skriuwen, mar dat se ûndertusken wol aardich wat materiaal oer De Ryp sammele ha en dat der ek wol wat fan yn it boek kaam is. Ek de soms behyplike meiwurking fan minsken dêr’t Mechtilde Postma en Goaitsen van der Vliet mei sprutsen hawwe komt op it aljemint. En hoewol’t se jierren dien hawwe oer dit boek, sizze se ek dat der mooglik yn roomske argiven noch wol mear materiaal te finen is oer de Postma’s.

It ynterview einiget mei dizze fraach en dit antwurd:

It iennichste dat ik in bytsje miste yn jim boek, is ynformaasje oer it ‘gruttere ferhaal’. Ik bedoel: lanlik besjoen, yn de psychiatry, is of wie der yn pasjintepopulaasjes in oerfertsjintwurdiging fan minsken út sokke sletten sosjale fermiddens?

,,Der is gjin grutter ferhaal. It giet oer de Postma’s fan De Tempel, en dy hienen genôch oan harsels, yn alle ellinde. Wy ha ús fansels wol ferdjippe yn de skiednis fan de gestichten, sa’t se doe neamd waarden, en dêr is ek wol wat fan yn it boek telâne kôm. Oer de mooglike ‘oerfertsjintwurdiging fan pasjinten út sletten sosjale fermiddens’ is fêst in prachtich proefskrift te skriuwen, tenminsten foar safier as de AVG it talit, mar dat wie ús doel net. It gong ús om de minsken en de lytse mienskip sels.”

It hiele artikel is te lêzen yn it Friesch Dagblad fan 14 maaie 2022 en op de webside fan it Friesch Dagblad.

Begjin fan it haadstik oer Obbe Postma

Resinsje klynysk psycholoog

Anneke Hol-Steegstra, klynysk psycholoog GGZ Friesland yn Frjentsjer skreau in resinsje fan De 13 fan Obbe Sjutsje. Hjirûnder har besprek:

Dizze sekuer opmakke famyljehistoarje hâldt it midden tusken in skiednisboek, in dokumintêre en in roman. De ferhalen oer de minsken, de tiid en it deistich boere- en katolike libben fan ‘e Postma’s fan De Tempel yn ‘e Sânfurdterryp binne mei in soad detail beskreaun. De foto’s, kaartsjes, nammen en plaknammen befredigje de nijsgjirrichheid boppedat en jouwe antwurd op hast alle mooglike fragen dy’t by de lêzer opkomme. Nea is de ynformaasje sa wiidweidich dat je de tried kwyt reitsje. Helpjend is ek dat ferdjipjende útstapkes regelmjittich as fuotnoat ûnderoan de side stean. En at je dochs noch mear earne oer witte wolle, dan jout Google útkomst. Ik haw gjin flater fine kind yn it boek, op wat setflaterkes nei (fuotnoat 5 oant ‘e mei 9 yn it haadstik ‘Obe’ binne foutyf nûmere). Oant safier de literêre resinsje.

De Postma’s binne in bysûnder gesin dat swier belêst is mei psychiatryske syktes (wêrûnder skizofreny). Dêrtroch rint er in hiel yndrukwekkende twadde ferhaalline troch dit boek. Dy fan it omgean mei ‘net goed wêze’ yn de 20e iuw. It yn ‘e adolessinsje ‘net goed wurde’ fan it iene nei it oare bern en ek it ‘by flagen net goed wêze’ fan mem Sjutsje, roppe fernuvering en meilibben op. Hoe koe it sa komme? En hoe rêden sy it mei mekoar yn dy sluten mienskip, dêr oan ‘e ein fan ‘e wrâld? Hjir krije je as lêzer byldzjend antwurd op.

Fan alle gesinsleden wurdt it libbensferhaal yn in eigen haadstik beskreaun en as lêzer krije je sa in hieltyd better begryp fan hoe ‘t sy mei mekoar omgiene en hoe ‘t sy mekoar belibben. De prachtige sitaten en werinnerings fan minsken dy’t harren kend ha, drage hjir oan by. Wat nei it lêzen fan it boek noch lang fernúverjen bliuwt is hoe opfallend gewoan der omgien waard mei it ûngewoane gedrach fan de gesinsleden, ek binnen de mienskip. Dêr kinne wy hjoeddeis noch wol wat fan leare. Ôfslutend is dit it wichtichste stik fakliteratuer dat ik de ôfrûne tiid lêzen haw.

Leeuwarder Courant 24 juni 2022

Yn de wike nei’t ús útjefte De 13 fan Obbe Sjutsje útferkocht rekke, kaam der in grut stik fan Sietse de Vries yn de Leeuwarder Courant.

Se wiene kreas fan uterlik, de measten koene goed leare en ek op it iis hearden se ta de bêsten. Mar der wie wat mei de trettjin bern fan Obbe en Sjutsje Postma fan de Sânfurderryp. Broeder Dominicus Roelofs fan de Sint Jozefstichting yn Apeldoorn, dêr’t fjouwer Postma’s in grut part fan har libben trochbrochten, neamde se ‘de familie Smart’.

De ien sei fan harsels dat se it krigen hie ‘ûnder it striken yn it âlde hûs’, de oar soe ‘him oer de kop leard’ ha. Wat mear bern opnommen waarden, wat dúdlik waard dat it net fan it striken of it learen kaam, mar dat der in genetyske doem oer de trettjin broers en susters lei. Se makken diel út fan in ‘zeer belaste familie’.

Fan de fjirtjin bern dy’t Obbe Postma en Sjutsje Ydema op ’e wrâld setten – ien fan har stoar jong – is der mar ien troud. Seis soannen waarden, doe’t se in jier as tweintich wiene, opnommen yn in tehûs en soene dêr de rest fan har libben bliuwe. Trije oaren moast en sa no en dan foar koartere of langere tiid ‘fuort’. Fan de oare fjouwer is Harm de iennichste dy’t troud is en bern krigen hat. It wie him noch net tafallen en fyn in frou, want elkenien yn ’e omkriten fan Blauhús wist: de Postma’s, dêr is wat mei.

Ien fan de beide dochters fan Harm, Mechtilde Postma, hat yn ’e mande mei skriuwer Goaitsen van der Vliet in boek makke oer har famylje: De 13 fan Obbe Sjutsje . It is in benearjend, mar ek yndrukwekkend portret wurden fan in famylje dêr’t it needlot kear op kear tasloech.

Yn it ferfolch fan it artikel jout De Vries in gearfetting fan it boek en fertelt er koart wat der mei de 13 bern fan Obbe en Sjutsje Postma bard is. Hy einiget mei de ferûnderstellingen fan de skriuwers wêr’t de skizofreny fan safolle fan de 13 bern wei komt.

It artikel fan Sietse de Vries is in zijn geheel online bij de Leeuwarder Courant te lezen.