Extra informatie
Auteur | Klaas Bruinsma, oerset út it Latyn |
---|---|
Druk | 1e druk |
Formaat | 24×15,5 |
ISBN | 978-90-815818-9-9 |
Pagina's | 71 siden |
Taal | Frysk |
Verschenen | juli 2018 |
Freark fan Hallum beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175. Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) is streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931-2018). Klaas Bruinsma hat mear as 30 titels oersetten út ferskate talen sa as it Gryksks, Latyn, Midflaamsk, Spaansk, mar ek Midnederlânsk nei it Frysk wêrûnder de trije trageedzjes fan Sofoklês wêrmei hy yn 1993 de Obe Postmapriis wûn. Yn 2007 ûntfong Bruinsma de Sulveren Anjer fan it lanlik Prins Bernardfonds.
Mear ynformaasje oer It libben fan Freark fan Hallum
Auteur | Klaas Bruinsma, oerset út it Latyn |
---|---|
Druk | 1e druk |
Formaat | 24×15,5 |
ISBN | 978-90-815818-9-9 |
Pagina's | 71 siden |
Taal | Frysk |
Verschenen | juli 2018 |