Wolkom by Utjouwerij DeRyp

Útjouwerij DeRyp is in stifting dy’t fuortkommen is út de Gerben Rypma Stifting fan Blauhús, dy’t as doel hie om al de kreative eigenskippen fan de skilder/dichter en boere-arbeider Gerben Rypma boppe wetter te hâlden. Nei it útjaan fan in biografy oer Gerben Rypma troch Eeltsje Hettinga hat dy stifting him ek dwaande holden mei it útjaan fan oare boeken. Dat útjouwerijpart fan de Gerben Rypma Stifting is begjin jannewaris 2020 fuortset troch de nije stifting.

Utjouwerij DeRyp leit him ta op it útjaan fan literatuer (proaza en poëzij), berneliteratuer, (regionale) skiednis, muzyk en byldzjende keunst. De foarkar giet út nei publikaasjes dy ’t yn it Frysk skreaun of nei it Frysk oerset binne, mar twatalige publikaasjes sille ek omtinken krije kinne. Om mei kreaze publikaasjes foar it ljocht te kommen wurkje wy gear mei grafyske ûntwerpers. Benammen jong talint wolle wy de mooglikheid biede om bûten it eigen skaad stean te gean.

Ferskynt  16 jannewaris

Op 16 jannewaris 2026 presintearret Utjouwerij DeRyp in boek oer skriuwer/skilder Pier Feddema: Ut ’e sketsboeken fan PIER FEDDEMA. It boek is gearstald en skreaun troch Elske Schotanus. Yn it boek in grut tal sketsen út de sketsboeken fan Pier Feddema dy’t opslein binne yn Museum Dr8888.


De presintaasje fan it boek fynt plak yn Museum Dr888 en begjint de middeis om trije oere. (15.00 oere). Wybren Jorritsma, direkteur fan itselde museum, sil in praatsje hâlde, fansels komt Elske Schotanus oan it wurd en der is muzyk fan in âld learling fan Pier Feddema (Gurbe Douwstra). It earste eksimplaar sil oanbean wurde oan ek in âld learling. De namme is bekend, mar bliuwt in ferrassing.


Graach fernimme wy as jo/jim fan doel binne te kommen op dizze

boekpresintaasje.


Mei freonlike groetnis, út namme fan DeRyp

Hille Faber/ Jan Ybema


Contact

Neem contact met ons op.

Gegevens

Postadres: Utjouwerij DeRyp p/a Seilmakkerij 3 8711 KJ Workum
Routebeschrijving