Geller is derfan oertsjûge dat se nergens foar doocht. Se fynt harsels dik, dom, ûnsjoch en dêrom absolút ûnynteressant. Mei smoken, seks, sûpen en drugs besiket se dat byld te feroarjen. Se rint fêst en beslút te ferhúzjen nei in wengroep. Dêr moetet Geller wûnderlike types.
Gabriëlle Terpstra (1990) is skriuwer, sjoernalist en podcastmakker. Se publisearre gedichten en koarte ferhalen yn ferskate literêre tydskriften. Mei it kollektyf Pauper Poëzie brocht se meardere wurken út, ûnder oare in dichtbondel yn risoprint. Har bondel Tjintwurdich is alles better kaam út yn 2024. Geller is har earste roman.
"Op dizze fernimstige en ynkringende wize beskriuwt Gabriëlle Terpstra yn har debútroman it libben fan in jonge frou dy’t dan hjir, dan dêr wennet en dy’t te meitsje krijt mei tal fan helpferlieningsynstellingen. De roman ropt like faak ûngemak op as dat it yn it moed taast, en it is it bewûnderjen wurdich hoe stoer at de skriuwster dit ferhaal – foar in part har eigen ferhaal – helder en nochteren, mar likegoed hoopfol opskreaun hat." Jelle van der Meulen (Friese-literatuurside)
"It slagget de skriuwer knap om hieltyd ôfstân te hâlden en sa de ûnderfiningen fan Geller op hast koele wize te beskriuwen sadat de lêzer syn eigen miening foarmje kin." Doeke Sijens (Leeuwarder Courant)