Doe’t Folkert Verbeek en syn frou likernôch sechstich jier troud wienen, moast er har, nei seis jier Alzheimer, ferlieze. Dat wie de ein fan in tige lokkich houlik en de boarne fan in slim fertrietlik gemis. Wat syn frou foar him betsjutten hat, hat de dichter yn ferzen besocht wer te jaan en gearbrocht yn dizze bondel. It hat syn fertriet ferlichte en him bemoedige om troch te gean. Tankberens en treast krigen de oerhân.
De 56 gedichten yn Brutsen lok binne ferdield oer trije skiften ‘It libben ...’, ‘... de dea ...’, ‘... en de treast’. Dizze gedichten tsjûgje fan in grutte emosjonele earlikheid, sûnder gebrûk te meitsjen fan útwrydske dramatyk. En nettsjinsteande de earnstige tematyk sit der ek genôch boartlikens yn de bondel, sawol yn de foarmfêste gedichten as yn de frije fersen.
Abe de Vries (yn it Friesch Dagblad): "Ut de gedichten sprekke neist Godsfertrouwen en in djippe leafde foar syn ferlerne oarehelte ek in fyn gefoel foar taal en ritme en in swak foar regelmjittige dichtfoarmen. Dit binne fersen fan in ambachtsman dy’t wit wat er mei syn ark wol en net dwaan kin."En: "[de bondel is] in kwetsber earbetoan en in lyts monumintsje foar in grutte leafde."