Musikale foarstelling It geheim fan Gurja
Elke lêste snein fan de lanlike ‘Kinderboekenweek’ wurdt yn it hert fan Terherne de ‘Kinderboekendag’ organisearre. Snein 12 oktober 2025 stiet de hiele middei bol fan de aktiviteiten om it berneboek hinne en it fertellen fan ferhalen, grutte foarstellingen en harkferskes, lytse foarstellingen, Tomke en de ferkeap fan berneboeken en noch folle mear.
Der is ek in prachtige foarlesfoarstelling fan It geheim fan Gurja, it spannende boek fan Julia Kahrs oerset troch Rymke Zijlstra. De foarstelling is makke troch Pyke Kroes. Tegearre mei Carel van Leeuwen nimt Pyke Kroes jim mei op in musikaal avontoer. De foarlesfoarstelling It geheim fan Gurja spilet om 14, 15 en 16 oere yn it Skippershûs yn Terherne. De tagong is fergees!
Mear ynformaasje op dizze side.