Mear ynformaasje oer It geheim fan Gurja

Start/Winkel/Berjochten/Mear ynformaasje oer It geheim fan Gurja

"Gurja liket op it earste each in hiel gewoan stedsje, mei in skoalle, in pear winkels en in kiosk. Mar Gurja hat ek geheimen, dêr’t de folwoeksenen net oer prate kinne – of wolle. Twa kear earder binne der bern ferdwûn, en beide kearen raasde der in fûle stoarm oer it stedsje. No liket der wer in stoarm oan te kommen, krekt as Sam, har twa broers en har mem nei Gurja ferhuze binne. In spannend en tige orizjineel ferhaal fan Julia Kahrs." (achterflap)


Besprekken

Friese literatuursite-Jelle van der Meulen: Wat in hearlik Frysk jongereinboek is It geheim fan Gurja. It boek is skreaun troch de Noarske skriuwster Julia Kahrs en hjit yn it Noarsk Familien Brattbakk. It is in spannend, mysterieus en orizjineel ferhaal en nettsjinsteande in folslein ûnfoarsisber ein dochs ek leauweardich. It lêst yn de Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra as in trein. Mar sa haw ik it boek earst net lêze kinnen en dat wie hast frustrearjend. Lês it hiele besprek


Op de webside Brekt stiet in Hollânske oersetting fan boppesteand stik: Wat een heerlijk Fries jeugdboek is It geheim fan Gurja. Het boek is geschreven door de Noorse schrijfster Julia Kahrs en heet in het Noors Familien Brattbakk. Het is een spannend, mysterieus en origineel verhaal en ondanks een volstrekt onvoorspelbaar eind toch ook geloofwaardig. Het leest in de Friese vertaling van Rymke Zijlstra als een trein. Maar zo heb ik het boek aanvankelijk niet kunnen lezen en dat was bijna frustrerend. Lês it hiele artikel yn it Nederlânsk


Martsje de Jong (15 novimber 2025 yn Op en út fan Omrop Fryslân) oer It geheim fan Gurja: “in ferskriklik spannend boek, mar ûntsettend grappich”, “foar bern fan 10 oant tolve jier, mar ek wol âlder”. “Gjin momint watst derfan ferwachtest. Elke kear ast tinkst no wit ik hoe’t it fierder rint, dan slacht it wer de oare kant út”. En: “fantastysk foar Sinteklaas en Kryst". Lústerje hjirûnder nei it hiele besprek fan Martsje de Jong:



Elisabeth Abels-Gorter fan de Afûk yn it Friesch Dagblad (sneon 1-11-2025) oer It geheim fan Gurja: "een goed voorbeeld van een kinderboek dat ook prima door volwassenen kan worden gelezen."


  • Mijn account
  • Volg uw bestelling
  • Winkelmandje
Toon prijzenEUR
Doorgaan naar hoofdinhoud
Utjouwerij de Ryp
Home
Webshop
Berjochten
Contact
Webshop
Menu

• Utjouwerij DeRyp •

Rapporteer misbruik
Powered by Lightspeed