
Abe de Vries yn it Friesch Dagblad 28-11-2025:
Albertina Soepboer yn de Leeuwarder Courant 28-01-2026

Albertina Soepboer - Djip út de klaai
Resinsje debútbondel Remco Kuiper (Leeuwarder Courant 28-01-2026)
Wa’t de debútbondel fan Remco Kuiper (Snits, 1971) iependocht, komt earst in ferhaal foarby sûnder taal. De reachfine foto’s en gedichten yn allerhande foarmen falle fuortendaliks op. De titel fan de bondel Grûnwetter prikkelet en is elemintêr. Wetter stiet foar wat streamt, en grûn foar wat stabyl is, net ferweecht. Wat streamt der ûnder de gedichten yn dizze bondel?
De earste foto yn de bondel lit reidplommen sjen dy’st benei oanreitsje kinst. Dat typearret de gedichten. Se komme tichtby en tagelyk binne se in wrâld op harsels:
ik seach dat froast út kleur bestie
sinneljocht kaam yn heechspanning
guozzen fleagen oer de hazzelegers
yn ’e bedelte foel as dûns de farske snie
It binne observaasjes dy’t in gefoel fan romte oproppe. Tagelyk komme der gedichten heaks op dat gefoel. Kuiper skriuwt oer generaasjes, oer wat feroaret en hoe der mei om te gean:
ik huze lyts yn ’e stêd, besocht it dêr oerein te hâlden,
tôge mei it erfskip om en wurke ûnder de iisberch
troch, brocht de bern grut, koe it net allinne, hie oan
in bytsje genôch, sloech fet op yn ’e bonken, bûn it
tou om in ein hout, die in toppe gers oan ’e sturt en
liet de draak heech fleane
It bysûndere fan de gedichten is de toan. Tichtby, eigen en hast trochsichtich. Der binne gjin grutte wurden, mar inkeld in besykjen om dingen teplak te krijen op in eigen plak. Dat eigen plak hat lang it hûs fan de famylje west. In protte gedichten beskriuwe de bernetiid.
De pine is nei te fielen
It binne gjin noflike gedichten. Hjir komme nachts de demoanen foarby of sa’n ferskriklik momint yn de klas as de bern freegje oft ‘de ik’ syn pyama oan hat nei skoalle ta. It boadskip fan heit en mem is dat er mar opgroeie moat. De pine is nei te fielen yn lange rigels dy’t mar trochrinne en gjin tiid nimme foar in punt of komma.
Yn ien fan de lêste gedichten is ‘de ik’ oan de slach mei de wetterpas fan syn heit dy’t ferstoarn is:
do silst myn fersen net lêze – rigels dêr’t ik dy yn fûn en mis –
mar ik dream yn kleuren heit
do wiest de grûn
as wetter woe ik wêze
En sa wurdt helder wat de titel betsjut, de langstme fan de soan om te streamen, en tagelyk de heit as fêste klaai. Mar it is net de ein. As de ‘ik’ it hûs fan de famylje opsiket op google streetview, dan sjocht er dat dingen feroare binne. It lêste gedicht lêst as in iepening:
yn in muorre fan ljocht dy’t spruts
doe’t myn lichte side samar iepenbruts
streamend wetter yn de ieren fan in blêd
as de boarne wer yn mysels leit
it gieltsje op ’e put no swijt
Yn in stikje op de webside Brekt oer omslaggen fan Fryske dichtbondels skreau Jelle van der Meulen oer Grûnwetter:
Ook de nieuwste uitgave van DeRyp, de dichtbundel Grûnwetter van Remco Kuiper heeft een bijzonder stijlvol omslag. De vormgever die daarvoor verantwoordelijk is, is Johan Bouwhuis met wie Utjouwerij DeRyp meer samenwerkt. De foto die als basis gebruikt is, is een zwart-witfoto van Henk Kuiper (1943-2005) een Friese fotograaf en, ja, de vader van de dichters Elmar Kuiper en Remco Kuiper. De foto van een in het water wegzakkend hek is een van de zes inleidende zwart-witfoto’s van de afdelingen in Grûwetter de debuutbundel van Remco Kuiper.
In dit geval van de vierde afdeling, ‘Djipte fan ‘e boaiem’ die uit één prozagedicht bestaat met een opvallende vorm. Op de zeven bladzijden van deze afdeling staat telkens één van de zeven strofen van tien volle regels midden op de bladzij. Het gedicht is een indringend, schrijnend zelfportret van een jongen van de boerderij die voor het eerst naar de middelbare school in de stad gaat, met alle angsten die daarmee gepaard gaan. Een bloedmooi gedicht, zoals de hele bundel prachtige gedichten bevat.
Maar het gaat me nu even om het omslag. De vormgever heeft daarop de zwart-witfoto kleur gegeven: okergeel aan de bovenkant en donkergroen aan de onderkant. Op de achterkant lopen die kleuren door, met een flaptekst in witte letters. Op de voorkant heeft de vormgever ook iets gedaan met de letters van de titel: het eerste deel van het samengestelde woord ‘Grûnwetter’ staat in dikkere grijze letters boven het tweede deel. Dat geeft al wat te denken voordat je de bundel opengeslagen hebt. En ook al heb ik geen ruimte om posters op te hangen, ik zou deze omslag best in posterformaat willen zien.
