
Nei har debút as dichter mei Tsjintwurdich is alles better yn 2024 set Gabrielle Terpstra in folgjende stap yn har skriuwerskip. De podcastmakker en auteur, ûnder mear bekend fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard en de kollums op Goeie.frl, komt no mei har earste roman: Geller.
Terpstra hat in ynkringende persoanlike skiednis dy’t gauris trochklinkt yn har kreative wurk. Har libben waard tekene troch ferslavingen yn har famylje, en al jong waard se sels ek mei dy wrakseling konfrontearre. Yn har profyl op de webside fan Tresoar lit Terpstra witte dat se graach oait nochris in boek skriuwe wol oer dy ûnderfiningen. Oft Geller dat ferhaal fertelt, kinne lêzers by de offisjele presintaasje sels ûntdekke.
Boekpresintaasje Geller fan Gabrielle Terpstra, Utjouwerij De Ryp | Moandei 10 novimber 2025, 19:30 oere (ynrin 19:00 oere) | Keunstnerspark Asgaard, Kealledykje 87 yn Ljouwert
Op moandei 10 novimber 2025 wie de boekpresintaasje fan Geller yn Keunstnerspark Asgaard (Kealledykje 87, Ljouwert). De jûn waard presintearre troch Dichter fan Fryslân Arjan Hut, mei wa’t Terpstra ek har podcast makket. Te gast wiene ûnder oaren Gysbert Japicxpriiswinner Elmar Kuiper, dy’t in koart ferhaal foarlêzen hat, en útjouwer Hille Faber, dy’t mear fertelde oer it ûntstean fan Geller. Gabrielle lies in fragmint foar út Geller.
Nei ôfrin wie der tiid om it boek te keapjen en wat te drinken, te snacken en koe it boek sinjeard wurden.
Anne-Goaitske Breteler oer Geller:
‘Geller fertelt mei pynlike earlikens hoe’t it libben derút sjen kin as emoasjes nea in namme hawwe meie. De effekten fan trauma’s, geastlik net-sûnwêzen en ferslavingen wurde miskien ferswijd, se wurde lykwols ûnûntkomber sichtber. Dat jout dit boek dan ek syn ûnferjitlike krêft. It is in rau, kwetsber en moedich ferhaal dat ûnder de hûd krûpt en datst noch lang fielen bliuwst.’
Sipke de Schiffart oer Geller:
‘In coming of age-roman dy’t yndruk makket. It op himsels drege ferhaal oer in ûngelokkige jeugd wurdt bjusterbaarlik goed ferteld en is lardearre mei prachtige observaasjes, anekdoates en aforismen. De skriuwster tsjinnet it allegearre op mei in saus fan drûge humor. It muoit my dat ik dit wurk sels net skreaun haw.’
Besprekken fan Geller
Jelle van der Meulen (oant oktober 2025 sekretaris fan de Stichting Utjouwerij deRyp) pleatste op syn Friese-literatuursite in besprek oer Geller
"De skynber achteleas optekene sinnen binne in fraai bewiis fan de nochteren, direkte en soms lakonike fertelwize fan dit boek."
"It is net it iennichste yn it moed taastende momint fan Geller. Mar watfoar ellinde Geller meimakket, hokker tryste wrâld fan útsichtleaze ferslaving it boek bytiden ek sjen lit, Geller is gjin swiermoedich boek. Net allinne de nochtere ferteltoan makket it ferhaal lichter. De skriuwster observearret hiel goed alderhande personaazjes en situaasjes en wit dy op in oansteklike wize te beskriuwen. By flagen binne dy beskriuwingen echt humoristysk."
"Op dizze fernimstige en ynkringende wize beskriuwt Gabriëlle Terpstra yn har debútroman it libben fan in jonge frou dy’t dan hjir, dan dêr wennet en dy’t te meitsje krijt mei tal fan helpferlieningsynstellingen. De roman ropt like faak ûngemak op as dat it yn it moed taast, en it is it bewûnderjen wurdich hoe stoer at de skriuwster dit ferhaal – foar in part har eigen ferhaal – helder en nochteren, mar likegoed hoopfol opskreaun hat."
Lês it hiele besprek hjir. Op de website Brekt staat de bespreking in het Nederlands: https://www.brekt.nl/koudum-in-de-friese-literatuu...
Martsje de Jong (op 15 novimber 2025 yn Op en út fan Omrop Fryslân) oer Geller’: It boek giet oer “in problematyske jeugd” en oer “drugs, drank, seks, alles derop en deroan”. ”Soest sizze: dat wurdt in ferskriklik swier boek. Dat is it absolút net!” Want: “Gabriëlle ferstiet de keunst om de dingen op in hiel lakonyke, hast achteleaze manier te fertellen mei swarte humor en de nedige selsspot”. Hear mear:
Doeke Sijens skreau foar de Leeuwarder Courant (28-11-2025) in besprek en joech 4 stjerren::
"It slagget de skriuwer knap om hieltyd ôfstân te hâlden en sa de ûnderfiningen fan Geller op hast koele wize te beskriuwen sadat de lêzer syn eigen miening foarmje kin."

Resinsje fan Jaap Krol yn it Friiesch Dagblad 15 januari 2026:

Jaap Krol – ‘Geller’: In earsteling om yn te listjen
Friesch Dagblad 15-1-2026
'Terpstra har wapen is har natuerlike wize fan fertellen'
Geller is in jonge frou dy’t berne is under a bad sign. Fanwege de drugsferslaving fan har âlden wurdt se grutbrocht troch Aaltsje, in suster fan har al gau ferstoarne mem. Om’t Aaltsje strang en net echt empatysk is stiet de relaasje hieltyd ûnder spanning. Geller kin ek net echt goed oerwei mei har autistyske broerke Eliot. Sa groeit se op yn in hûs sûnder hurd en hat se fuort te krijen mei in achterstân.
De semy-autobiografyske roman Geller is de earsteling fan dichter en podcastmakker Gabriëlle Terpstra (1990). Yn 2024 publisearre se de bondel Tsjintwurdich is alles better, mei kollega-dichter Arjan Hut makket se sûnt 2021 de podcast Gabriëlle en Arjan bedoele it net ferkeard. Se is ek de driuwende krêft achter it dichterskollektyf Pauper Poëzie.
Geller is skreaun as in monolooch oan har nichtsje Fien, dy’t lyksa yn in ynstabile omjouwing opgroeit. Mar Geller spegelet har oan Fien, om’t se harsels weardeleas fynt: se is dik, fynt harsels dom en ûnsjoch en mient dat de hiele wrâld har sa besjocht. Fan har bernejierren ôf siket se gelok en ôflieding yn flechtwegen, dy’t fansels altyd in helpende hân biede. Fret- en oanslutende spuibuien meitsje it lichem net grouwer, fan alkohol krijt se moed en langstme en drugs jouwe har in iepen geast. Flechtwegen hawwe ek in priis. Der is panyk, der binne katers. De seks is meastal frij, mar meastal ek teloarstellend. Of kwetsend. As in learaar har betaastet, fielt Geller sawol eangst as opwining en kin se har grinzen net oanjaan.
Folle slimmer
De monolooch springt hinne en wer tusken it gronologysk fertelde libben en har rûte by ynstellings, wen- en praatgroepen del, mei achter har oan in rige huurmoanbrieven en útmakke freonskippen. Dochs fynt geandewei Geller ek wat, nammentlik minsken dy’t har trauma’s beneame en sinfolle oanwizings jouwe. It betsjut dat se stadichoan mear begjint te reflektearjen: ‘Soms twivelje ik oft ik wol echt ferslave bin, om’t de ferhalen fan guon oare minsken folle slimmer binne. Dy ha bygelyks yn ’e finzenis sitten en fan har mem stellen. Okee, bêst, ik ha ek wolris fan Aaltsje stellen, mar doe wie ik noch jong. It stellen wie ek in soart fan ferslaving. Eins is der neat yn myn libben dat gjin ferslaving of obsesje west hat. Alles wie in besykjen ta kontrôle, de drank en de drugs likegoed.’
Oer ferslavingslavingsgefoelichheid en de effekten fan in surplus oan kwantiteit bestean genôch ferhalen fan ûnderfiningsdeskundigen, mar der orzjineel oer skriuwe is in oare tûke fan sport. Wat in goed boek is Geller dus! Terpstra har wapen is har natuerlike wize fan fertellen. Mei ‘natuerlik’ wol ik net referearje oan it feit dat Terpstra sa iepenhertich is, mar mear oan har styl: nofter en empatysk, sûnder moaiskriuwerij en mei subtile humor. Ik moast dan ek tinke oan de Deenske skriuwster Tove Ditlevsen (1917-1976), waans jonge jierren yn de ferneamde Kopenhagentrilogy krekt sa’n pynlik én draachlik lêsaventoer foarmje. In earsteling om te yn te listjen, mei as ûnderskrift ‘ynstant-klassiker’.
Geller. Gabrielle Terpstra. Utjouwerij DeRyp, 19,95 euro
