Boekpresintaasje roman Geller fan Gabriëlle Terpstra

Start/Winkel/Berjochten/Boekpresintaasje roman Geller fan Gabriëlle Terpstra

Nei har debút as dichter mei Tsjintwurdich is alles better yn 2024 set Gabrielle Terpstra in folgjende stap yn har skriuwerskip. De podcastmakker en auteur, ûnder mear bekend fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard en de kollums op Goeie.frl, komt no mei har earste roman: Geller.

Terpstra hat in ynkringende persoanlike skiednis dy’t gauris trochklinkt yn har kreative wurk. Har libben waard tekene troch ferslavingen yn har famylje, en al jong waard se sels ek mei dy wrakseling konfrontearre. Yn har profyl op de webside fan Tresoar lit Terpstra witte dat se graach oait nochris in boek skriuwe wol oer dy ûnderfiningen. Oft Geller dat ferhaal fertelt, kinne lêzers by de offisjele presintaasje sels ûntdekke.


Boekpresintaasje

Op moandei 10 novimber 2025 is de boekpresintaasje fan Geller yn Keunstnerspark Asgaard (Kealledykje 87, Ljouwert). De jûn wurdt presintearre troch Dichter fan Fryslân Arjan Hut, mei wa’t Terpstra ek har podcast makket. Te gast binne ûnder oaren Gysbert Japicxpriiswinner Elmar Kuiper, dy’t in koart ferhaal foarlêze sil, en útjouwer Hille Faber, dy’t mear fertelt oer it ûntstean fan Geller. Gabrielle lêst in fragmint foar út Geller.

Nei ôfrin is der tiid om it boek te keapjen en wat te drinken, te snacken (mar dat kin op elk tydstip fansels!) en it boek sinjearje te litten. Wa’t benijd nei Geller en syn skriuwster wurden is, is fan herte wolkom by de presintaasje.

Anne-Goaitske Breteler oer Geller:

‘Geller fertelt mei pynlike earlikens hoe’t it libben derút sjen kin as emoasjes nea in namme hawwe meie. De effekten fan trauma’s, geastlik net-sûnwêzen en ferslavingen wurde miskien ferswijd, se wurde lykwols ûnûntkomber sichtber. Dat jout dit boek dan ek syn ûnferjitlike krêft. It is in rau, kwetsber en moedich ferhaal dat ûnder de hûd krûpt en datst noch lang fielen bliuwst.’

Sipke de Schiffart oer Geller:

‘In coming of age-roman dy’t yndruk makket. It op himsels drege ferhaal oer in ûngelokkige jeugd wurdt bjusterbaarlik goed ferteld en is lardearre mei prachtige observaasjes, anekdoates en aforismen. De skriuwster tsjinnet it allegearre op mei in saus fan drûge humor. It muoit my dat ik dit wurk sels net skreaun haw.’

Boekpresintaasje Geller fan Gabrielle Terpstra, Utjouwerij De Ryp | Moandei 10 novimber 2025, 19:30 oere (ynrin 19:00 oere) | Keunstnerspark Asgaard, Kealledykje 87 yn Ljouwert

  • Mijn account
  • Volg uw bestelling
  • Winkelmandje
Toon prijzenEUR
Doorgaan naar hoofdinhoud
Utjouwerij de Ryp
Home
Webshop
Berjochten
Contact
Webshop
Menu

• Utjouwerij DeRyp •

Rapporteer misbruik
Powered by Lightspeed