Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries.
Folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914) is ien fan de belangryste Fryske ferhaleskriuwers fan de njoggentjinde iuw. Syn ferhalen gean oer it goede en tsjoede tinken en hanneljen fan gewoane minsken yn (noch altyd) werkenbere situaasjes. Hy hat der hûnderten skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen binne hjir opnaam yn oanpaste stavering. Se hearre ta it bêste proaza dat yn it Frysk ferskynd is.