Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Presintaasje ‘It grutte swijen’

4 mei 2022 @ 21:00 - 22:00

Gratis

Nederlandse versie hieronder

Presintaasje ‘It grutte swijen’ mei meiwurking fan Nij Libben op 4 maaie\

Op 4 maaie fynt yn De Klink de presintaasje plak fan It grutte swijen. Dat boek nimt de lêzer mei nei Koudum yn de Twadde Wrâldoarloch, nei de winter fan 1944-1945. Utgongspunt is it deasjitten fan in 22-jierrige jongfeint út Koudum troch Dútske offisieren yn it Drintske Norg. Foar Koudum hie dit foarfal grutte gefolgen, dêr ‘t hiel lang oer swijd waard. De presintaasje, dêr ‘t fanfarekorps Nij Libben ek oan meiwurket, duorret fan ûngefear 21.00 oant 22.00 oere.

Yn It grutte swijen steane de trije Fryske monologen dy ‘t Ytsje Hettinga yn it ramt fan 75 jier befrijing (2020) skreau foar Teätergroep Sult. Yn it stik, fanwege de koroanamaatregels spitigernôch nea spile, lit se froulju oan it wurd dy ‘t lyn hawwe ûnder it ferlies fan harren soan of broer. De froulju litte har gefoelens sjen, as suster of as mem. De skriuwster seit dêr ûnder oare fan: “In mem bliuwt mem, hoe dan ek, mem fan har bern, wat dy ek dogge, goed of ferkeard”.

Ytsje Hettinga makke de trije monologen op basis fan in ûndersyk dat Jan de Vries jierrenlang die nei wat der yn de winter fan 1944-1945 yn Koudum barde. Hy hat in soad útsocht om de needlottige foarfallen yn Koudum hinne, mar koe net alles achterhelje. In sekuer en goed lêsber ferslach fan dat ûndersyk fungearret no as ynlieding op de trije monologen.

Is it nedich om nei goed 75 jier dizze ûnfolsleine skiednis yn de iepenbierheid te bringen? Ja, seit behalve Jan de Vries ek Utjouwerij DeRyp, om’t it ferhaal op djip fielbere wize dúdlik makket wat oarloch mei gewoane minsken út de eigen omjouwing docht. Dit âlde ferhaal blykt sa in universeel ferhaal te wêzen oer wat it docht mei in hechte mienskip as der net praat wurdt oer tige yngripende foarfallen.

By de presintaasje wurde fragminten út de Fryske monologen fan Ytsje Hettinga foardroegen. Jan de Vries sil syn ûndersyk nei de foarfallen taljochtsje en fanfarekorps Nij Libben sil foar paste muzikale omlining soargje. De presintaasje yn doarpshûs De Klink begjint om 21.00 oere, ynrin fan 20.30 oere ôf, oanslutend op de jierlikse Deadebetinking yn Koudum. De gearkomste is, ynklusyf kofje of tee, fergees tagonklik. Nei ôfrin is it boek It grutte swijen te keap.

Presentatie ‘It grutte swijen’ met medewerking van Nij Libben op 4 mei

Op 4 mei vindt in De Klink de presentatie plaats van It grutte swijen. Dat boek neemt de lezer mee naar Koudum in de Tweede Wereldoorlog, naar de winter van 1944-1945. Uitgangspunt is het doodschieten van een 22-jarige jongeman uit Koudum door Duitse officieren in het Drentse Norg. Voor Koudum had dit voorval grote gevolgen, waar heel lang over gezwegen werd. De presentatie, waaraan fanfarecorps Nij Libben ook meewerkt, duurt van ongeveer 21.00 tot 22.00 uur.

In It grutte swijen staan de drie Friese monologen die Ytsje Hettinga in het kader van 75 jaar bevrijding (2020) schreef voor Teatergroep Sult. In het stuk, vanwege de coronamaatregelen helaas nooit gespeeld, laat ze vrouwen aan het woord die geleden hebben onder het verlies van hun zoon of broer. De vrouwen laten hun gevoelens zien, als zus of als moeder. De schrijfster zegt daar onder andere van: “In mem bliuwt mem, hoe dan ek, mem fan har bern, wat dy ek dogge, goed of ferkeard”.

Ytsje Hettinga maakte de drie monologen op basis van een onderzoek dat Jan de Vries jarenlang deed naar de gebeurtenissen in de winter van 1944-1945 in Koudum. Hij heeft veel, maar niet alles rond de noodlottige gebeurtenissen in Koudum weten te achterhalen. Een nauwkeurig en goed leesbaar verslag van dat onderzoek fungeert nu als inleiding op de drie monologen.

Is het nodig om na ruim 75 jaar deze onverkwikkelijke geschiedenis in de openbaarheid te brengen? Ja, zegt behalve Jan de Vries ook Utjouwerij DeRyp, omdat het verhaal op indringende wijze duidelijk maakt wat oorlog met gewone mensen uit de eigen omgeving doet. Dit oude verhaal blijkt zo een universeel verhaal te zijn over wat het doet met een hechte gemeenschap wanneer er niet gesproken wordt over zeer ingrijpende gebeurtenissen.

Tijdens de presentatie worden fragmenten uit de Friese monologen van Ytsje Hettinga voorgedragen. Jan de Vries zal zijn onderzoek naar de gebeurtenissen toelichten en fanfarecorps Nij Libben zal voor gepaste muzikale omlijsting zorgen. De presentatie in dorpshuis De Klink begint om 21.00 uur, inloop vanaf 20.30, aansluitend op de jaarlijkse Dodenherdenking in Koudum. De bijeenkomst is, inclusief koffie of thee, gratis toegankelijk. Na afloop is het boek It grutte swijen te koop.

Gegevens

Datum:
4 mei 2022
Tijd:
21:00 - 22:00
Kosten:
Gratis

Organisator

Utjouwerij DeRyp
E-mail
info@utjouwerij-deryp.nl

Locatie

De Klink
Tinholtstraat 1
Koudum,
+ Google Maps