Boekpresintaasje dichtbondel Folkert Verbeek en iepening eksposysje Pier Feddema

geplaatst in: Geen categorie | 0

It wie in goed idee om de iepening fan in eksposysje fan skilderijen en tekeningen fan Pier Feddema (1912 -1983) gearfalle te litten mei de presintaasje fan in dichtbondel fan Folkert Verbeek (1931). Hille Faber, sawol bestjoerslid fan de Pier Feddema Stichting as fan de Stichting Utjouwerij DeRyp, iepene de gearkomste freedtemiddei 27 juny 2025. Sa’n tachtich belangstellenden wiene dêrfoar nei it Breahûs oan de Luts yn Balk kaam.

Wurk fan Pier Feddema yn it Breahûs yn Balk
Johan Heegsma yn it Breahûs

Emeritus-predikant Johan Heegsma fan Balk fertelde oer syn bân mei de famylje Feddema. De lêste jierren fan syn libben wenne Pier Feddema yn Balk, en nei syn ferstjerren bleau syn frou Tite dêr wenjen. Ek fertelde Heegsma oer syn bân mei it wurk fan Feddema. Oan de ein fan de middei kaam Kees, in soan fan Pier Feddema, nei foaren. Hy fertelde moaie anekdoaten oer syn heit, dy’t twa ferskillende kanten sjen lieten fan sawol de keunstner as de heit. Dizze eleminten binne yn sekere sin yn it wurk fan Feddema werom te finen, ek yn de tolve wurken dy’t yn it Breahûs hingje.

Jelle van der Meulen fan Utjouwerij DeRyp fertelde oer de bondel Brutsen lok fan Folkert Verbeek. Yn dizze bondel steane 56 gedichten, ferdield oer trije ôfdielingen. Yn de earste ôfdieling giet it oer de leafdefolle relaasje tusken de dichter en syn frou. Dêroer lies dochter Henny Reijenga – Verbeek, dy’t letter it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme mocht, it gedicht ‘Myn hertsbeminde’ foar, wat har sichtber emosjoneel rekke.

Dochter Henny kriget fan Jelle van der Meulen it earste eksimplaar fan de bondel Brutsen lok

Mar dan slacht de sykte Alzheimer ta en moat de dichter machteleas en roujend tasjen hoe’t syn frou ôftakelet en stjert. Dêrmei wurdt de relaasje net minder leafdefol, mar wol oars. ‘It wurdt oars’ hjit dan ek in gedicht fan Folkert Verbeek dat goede freondinne Tetsje van der Sluis foarlies. Yn it lêste part fan de bondel fynt de dichter treast en is der tankberens foar wat west hat. De treast dy’t de dichter ûnderfûn troch it skriuwen fan de gedichten, sil ek mannich lêzer fan de gedichten helpe, sa makke Van der Meulen dúdlik.

Yn guon gedichten spilet it leauwen fan de dichter in wichtige rol, lykas yn it gedicht ‘De profundis’ dat referearret oan it begjin fan psalm 130. It wie ien fan de fjouwer gedichten dy’t Van der Meulen dizze middei út de bondel Brutsen lok song, himsels dêrby begeliedend op de akkordeon. It wie, sa beklamme er, net sa dreech om de gedichten fan Verbeek op muzyk te setten, omdat it tagonklike gedichten binne, skreaun mei in grut gefoel foar klank en ritme.

De natuer spilet in wichtige rol yn de gedichten fan Folkert Verbeek. Mei troch de tagonklike toan sille dizze gedichten foar in soad minsken werkenber wêze. De tematyk mei swier wêze en der klinkt oprjocht fertriet, mar der is ek tankberens dy’t it wint fan it fertriet. Dat lêste binne de wurden fan Folkert Verbeek sels, yn it gedicht ‘Namme’, út it lêste part fan Brutsen lok, it lêste fers dat Van der Meulen song.

Hielendal links Folkert Verbeek, neist syn dochter

Under de oanwêzigen yn it Breahûs wiene ek de dichter Eppie Dam en komponist/muzikant Hindrik van der Meer. Van der Meer koe it tagelyk oandwaanlike en feestlike gefoel fan dizze middei noch ferheegje troch te melden dat de musical Jona, wêrfoar’t Folkert Verbeek sa’n tweintich jier lyn de lietteksten skreau, dit jier wer twa kear opfierd wurde sil. Eppie Dam hie foar dizze middei spesjaal in gedicht foar Folkert Verbeek skreaun. It oangripende gedicht, mei as twadde strofe “ik luts nei Balk / om brutsen lok te fielen / en pine te dielen / om al ús leaven” waard foarlêzen troch Geertsje Faber en foarme dêrmei in moai slot fan in pakkende kulturele middei, lykas ien fan de oanwêzigen it formulearre.

De measte foto’s hjirboppe binne makke troch Jan de Jager. It praatjse fan Jelle fan der Meulen mei de gedichten dy’t er songen hat, is hjir te lêzen. De dichtbondel Brutsen lok kostet € 15 en is te keap yn Fryske boekwinkels, wêrûnder de Afûk yn Ljouwert, Bruna yn Balk, Boekhandel Muizelaar yn Koudum en Boekhuis Stumpel yn Warkum. En fansels yn ús eigen websjop.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *