Twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út de tsien dichtbondels fan ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta. De Vries krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis. Mear ynformaasje / meer informatie
Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries. Folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914) is ien fan de belangryste Fryske ferhaleskriuwers fan de njoggentjinde iuw. Syn ferhalen gean oer it goede en tsjoede tinken en hanneljen fan gewoane minsken yn (noch altyd) werkenbere situaasjes. Hy hat der hûnderten skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen binne hjir opnaam yn oanpaste stavering. Se hearre ta it bêste proaza dat yn it Frysk ferskynd is. Mear ynformaasje oer Waling Dykstra - FolksskriuwerSjoch de oanbieding
Op 17 november 1944 is de 22-jarige Piebe Hoekema uit Koudum doodgeschoten bij Norg door Duitse officieren. Zijn dood bracht een verrader in het dorp en ontmaskerde mogelijk een tweede, waarvan het lot duister is. Door jarenlang onderzoek en vele soms beladen gesprekken, heeft Jan de Vries in kaart gebracht wat er gebeurd kan zijn in Koudum in de winter van 1944-1945. Op grûn fan de befiningen fan Jan de Vries hat Ytsje Hettinga in toanielstik yn trije monologen skreaun foar Teatergroep SULT. Sa wurdt 75 jier nei de Twadde Wrâldoarloch dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweechbrocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters. Mear ynformaasje oer It grutte swijen
Fryske oersetting fan in Oekraynsk berneboek. It boek giet oer it famke Maia en har klasgenoaten en harren húshâldingen, dy’t allegearre ferskillend gearstald binne. De iene hat in heit en in mem, de oare twa memmen en wer in oar hat in styfmem of in donorheit. It sintrale tema is eins dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dy feiligens is op ’t heden yn Oekraïne fier te sykjen, no’t famyljes flechtsje en útinoar falle. De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch. Mear ynformaasje oer Maia en har freonen