Wolkom by Utjouwerij DeRyp

Útjouwerij DeRyp is in stifting dy’t fuortkommen is út de Gerben Rypma Stifting fan Blauhús, dy’t as doel hie om al de kreative eigenskippen fan de skilder/dichter en boere-arbeider Gerben Rypma boppe wetter te hâlden. Nei it útjaan fan in biografy oer Gerben Rypma troch Eeltsje Hettinga hat dy stifting him ek dwaande holden mei it útjaan fan oare boeken. Dat útjouwerijpart fan de Gerben Rypma Stifting is begjin jannewaris 2020 fuortset troch de nije stifting.

Utjouwerij DeRyp leit him ta op it útjaan fan literatuer (proaza en poëzij), berneliteratuer, (regionale) skiednis, muzyk en byldzjende keunst. De foarkar giet út nei publikaasjes dy ’t yn it Frysk skreaun of nei it Frysk oerset binne, mar twatalige publikaasjes sille ek omtinken krije kinne. Om mei kreaze publikaasjes foar it ljocht te kommen wurkje wy gear mei grafyske ûntwerpers. Benammen jong talint wolle wy de mooglikheid biede om bûten it eigen skaad stean te gean.

Presintaasje  nije útjefte

Ferskynd yn ’e Fryske Boekewike : de bondel Grûnwetter mei gedichten fan Remco Kuiper. Der is lang lang nei útsjoen nei dizze bondel, mar no leit er yn ’e boekwinkel!


De feestlike presintaasje wurdt holden op sneintemiddei 7 desimber yn teater De Bres (Ljouwert). Ut namme fan Remco Kuiper & Utjouwerij DeRyp wurde jo/jimme fan herte útnûge by dizze presintaasje.


It programma begjint om 15:30 oere, ynrin fan 15:15 ôf. Der is muzyk, der is poëzij en wa wit noch mear, ja fansels ek de útrikking fan it earste eksimplaar.


Fan herte wolkom en tagong fergees.


Remco Kuiper/ Hille Faber (Utjouwerij DeRyp)


P.S. Graach fernimme wy it as jo/jimme fan doel binne om te kommen.

faberhillebrand@gmail.com

rtkuiper1994@kpnmail.nl


Datum & lokaasje presintaasje:

snein 7 desimber 2025

15:30 oere (ynrin fan 15.15 ôf)

Teater De Bres, Schoolstraat 4, 8911 BH Ljouwert


Contact

Neem contact met ons op.

Gegevens

Postadres: Utjouwerij DeRyp p/a Seilmakkerij 3 8711 KJ Workum
Routebeschrijving