Yn augustus 2022 ferskynde Ska(r)l, in boek mei ferhalen fan Ids de Roos oer de skiednis fan Skarl (mar echte Skalders sprekke de r net út). It binne smoute femyljeferhalen, it giet oer it buorkjen fan syn heit, de ferhâlding mei de foarname âld–Warnser meniste femyljes dy’t eigeners wiene fan de pleats, de enersjytransysje yn syn tiid, it folk dat oan ‘e doar kaam, de middenstân fan Warns, en oer bijnammen yn it doarp. Allegjear waarnimmings fan de skriuwer opdien yn syn jonge jierren.
It boek rekke yn ‘e rin fan 2024 útferkocht, mar der bleau fraach nei. Dêrom is der no, krekt foar de reüny op Skarl 14 juny 2025 in twadde printinge. Dizze kear mei in soft-cover, dêrom kostet it boek no ek mar € 14,95. Te keap by guon Fryske boekhannels en fansels yn ús websjop.
Geef een reactie